'Pak Staplandwei oan'

10 apr 2008 - 10:41

Dongeradiel moat wat dwaan oan oan de Staplandwei yn Hantumerútbuorren. It dykje fan 450 meter is der min oan ta. Minsken út de omjouwing bekleie har deroer. Op ferskate plakken yn de dyk sitte gatten fan somtiden wol acht sintimeter. Dy gatten wurde opfolle mei pún en dat kin gefaarlike situaasjes opsmite foaral foar fytsers dy't dat net sjogge yn it tsjuster.

Riedsleden fan Dongeradiel besjogge ynkoarten hoe't de dyk derhinne leit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)