Reeën sjen yn Alde Feanen

der sitte ek reeën yn de Alde Feanen
Mei in gids gienen natuerleafhawwers woansdeitejûn op syk nei reeën. Dat diene se troch mei in stille boat troch nasjonaal park de Alde_Feanen by Earnewâld te farren. De tweintich opfarrenden en de gids fan it Fryske Gea seagen mei-elkoar 43 reeën. Dêrby binne ek twa meiteld dy't yn it reid ferdwûnen.
De tocht wie in inisjatyf fan de Jeugd_Natuur_Club_Friesland.