"Personiel Caparis noch bang"

Personiel Caparis wol net folle sizze tsjin de SP
Personiel fan sosjale wurkfoarsjenning Caparis yn Ljouwert is noch altiten benaud om klachten oer it bedriuw nei bûten te bringen. Dat tinkt de Socialistische_Partij yn Ljouwert. De SP stie tongersdei by de poarte om te hearren hoe't it dêr no giet.
Ferline jier ynventarisearre de SP klachten fan wurknimmers. De SP woe no hearre oft der wat ferbettere is. Mar der wiene net in soad minsken dy't wat sizze woene.