Boargemasters nei skoallen

09 apr 2008 - 21:20

Boargemaster Crone fan Ljouwert bringt meikoarten mei de berneboargemaster fan de stêd in tal besites oan basisskoallen. De twa sille op de skoallen fertelle oer polityk, oer wat de polityk foar bern betsjutte kin en oer de berneried.

Foardat de twa boargemasters by de skoallen lâns gean, sille se earst mei-elkoar yn 'e kunde komme. Dat dogge se freed op it stedhûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)