ROCOV wol evaluaasje ferfier

Neffens it ROCOV foldocht de Frysker net oan de ferwachtings
Reizgersferiening ROCOV wol op koarte termyn in evaluaasje fan it belied foar it iepenbier ferfier yn Fryslân. Neffens it ROCOV liket it der op dit stuit op dat de provinsje allinne de takomstige treinferbining tusken It_Hearrenfean en Grins wichtich fynt en gjin each hat foar it iepenbier ferfier op oare plakken.
It ROCOV tinkt dat der benammen by it busferfier noch in soad te ferbetterjen falt.