'Regels bolletylt legitym'

wethâlder Scheweer
De gemeente It_Hearrenfean mei de bolletylt yn guon gefallen oan bannen lizze. Dat seit wethâlder Meine_Scheweer yn reaksje op krityk fan de CDA-Twadde_Keamerfraksje. Neffens him mei de gemeente ekstra regels oplizze as omwenners oerlêst hawwe kinne fan de bolletylt.
It_Hearrenfean wol in sône fan 30 meter tusken bollefjild en wenten of natoer. It Ryk mei allinne optrede as de folkssûnens yn gefaar is.