Banen faai by Friesland Vlees

09 apr 2008 - 16:48

By slachterij Friesland_Vlees yn Ljouwert stean ferskate banen faai om't der wurk ferlern giet fanwege de krisis yn de fleissektor. Under de tachtich wurknimmers is grutte ûnrêst ûntstien nei de negative publisiteit oer mooglike misstannen by de slachterij. Guon wurknimmers gean al op syk nei oar wurk.

Der wurde gjin kij mear oanfierd yn Ljouwert. Der wurde allinne noch keallen slachte en ferwurke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)