Pleit foar meartaligens

steatssekretaris Frans Timmermans
De rest fan Europa kin in foarbyld nimme oan it meartaligensbelied fan de provinsje Fryslân. Dat sei steatssekretaris Frans_Timmermans fan Europeeske Saken woansdei by syn besite oan Ljouwert. Hy wie ûnder mear te gast by it Mercator_Kennissintrum en de Fryske_Akademy.
Timmermans fynt dat alle Europeanen twa ekstra talen prate kinne moatte neist de eigen memmetaal. Trije talen leare op skoallen is in goede saak.