Wetsus hat liedende rol

Wettertechnologysk ynstitút Wetsus yn Ljouwert is de top op it mêd fan wettertechnology yn Europa. Steatssekretaris Frans_Timmermans fan Europeeske Saken wol syn kennis fan Europa en Europeeske ynstellings dêrom brûke om Europeeske erkenning en stipe te krijen foar dy liedende rol.
Timmermans wie woansdei op wurkbesite by Wetsus. Hy fynt dat ûndersikers en fernijers yn Europa witte moatte dat se yn Ljouwert technology meitsje.