'Sweeftrein hie djoerder west'

09 apr 2008 - 11:45

De komst fan de magneetsweefbaan hie de provinsje en de Fryske gemeenten mear jild koste as it pakket oan maatregels dat no útfierd wurde sil. Dat stelt deputearre Piet Adema.

De projekten dy't no op stapel steane kostje de provinsje 242 miljoen euro. Yn 2002 stelde Provinsjale Steaten 200 miljoen euro beskikber foar de magneetsweefbaan. Mei de ûntwikkeling fan it priispeil yn de ôfrûne jierren soe dat yn 2010 al 274 miljoen wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)