Adema: dúdlikens oer N381

de plannen mei de N381 by Donkerbroek binne omstriden
Minsken dy't oan de N381 tusken Drachten en de Drintse grins wenje, witte noch foar de simmer oft se op dat plak wenjen bliuwe kinne. Deputearre Piet Adema wol dat Provinsjale Steaten uterlik yn juny in beslút nimt oer de trasees tusken Drachten en Donkerbroek, en Easterwâlde en de Drintse grins.
De omwenjenden fan de dyk tusken Donkerbroek en Easterwâlde witte pas ein dit jier wêr't se oan ta binne.