Hollânske ynbrekkers pakt

09 apr 2008 - 10:44

De plysje hat ferline wike trije manlju út Didam, Doesburg en Zelhem oanhâlden dy't fertocht wurde fan mear as tweintich ynbraken yn it noarden en easten fan it lân. Yn Fryslân ha de trije ûnder oare ynbrutsen yn Riis en yn Spangea. Se wiene foaral út op jild, mar ek op laptops en en digitale kamera's.

Yn de hûzen fan de manlju binne sieraden en kamera's fûn. Der binne twa auto's yn beslach nommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)