Boat EVT kin noch net oanlizze

© Omrop Fryslân
De fearboat fan de Eigen Veerdienst Terschelling, de EVT, mei foarearst gjin gebrûk meitsje fan de oanlisfoarsjennings op Skylge en Flylân. Tiisdei tsjinne de rjochtsaak dy't de EVT oanspand hie tsjin de wegering fan de gemeente Skylge om in oanlisfergunning ôf te jaan. Oer seis wike folget de útspraak. Oant dy tiid bliuwt de fearboat oan de kant.
De EVT wol ynkoarten úteinsette mei in eigen feartsjinst nei Flylân en Skylge.