"Ien belied foar natuer Waad"

© Omrop Fryslân
De PvdA yn de Twadde Keamer biedt woansdei in Waadpunteplan oan oan minister Cramer fan VROM. De PvdA skriuwt dêryn dat der ien plan komme moat om de natuer yn it Waadgebiet te herstellen. Der binne no te folle ministearjes en ynstânsjes dy't wat te sizzen hawwe oer it Waad.
PvdA-keamerlid Jacobi hat de ôfrûne tiid by alle Waadeilannen delwest om te hearren wat der libbet. De útkomst fan dy Waddentour stiet yn it plan.