Mooglik ein 'Lus fan Akkrum'
Fryslân driget in KNSB-maraton op natueriis kwyt te reitsje. En dat komt trochdat in fêste brêge fan 1.80 meter heech de no beweegbere brêge yn de Himdyk yn Akkrum ferfange sil. Dat is te leech en dus gefaarlik.
Mei-organisator IIsklub Foarút fan dizze 'Lus van Akkrum' liedt de needklok, want de nije brêge brekt de lus sa yn twa'en. De tocht is twa kear ferriden; de lêste kear yn 1997.