Fergrizing ûnder rattefangers

De fergrizing slacht hurd ta by de muskusrattebestriders fan Wetterskip Fryslân.
De fergrizing slacht hurd ta by de muskusrattebestriders fan Wetterskip Fryslân. Mear as de helte fan de rattefangers is âlder as fyftich jier.
Ferline jier binne der wol twa kear safolle ratten fongen as yn 2006. Dat jout oan dat it tal bisten wer bot tanimt.
It wetterskip tinkt nei oer oplossings om de fergrizing ûnder de rattefangers op te fangen.