Ekstra bewaking by slachthûs

Slachterij Friesland Vlees yn Ljouwert wurdt ekstra bewaakt. Dit wurdt dien om't it bedriuw de ôfrûne dagen hûnderten driich-mails krigen hat.
Minsken dy't de e-mails stjoere binne lulk op it bedriuw om't it neffens it TROS-programma Radar sike kij slachtet en it fleis ferkeapet oan supermerken. Friesland Vlees sels ûntkent dat der sprake is fan mistannen.