Friesland Beef hast plat

© Omrop Fryslân
It bedriuw Friesland Beef fan Damwâld leit hast op syn gat. Troch de negative publisiteit wurde der op't stuit gjin kij mear oanfierd om te slachtsjen.
De oanlieding fan de opskuor is dat minister Gerda Verburg Friesland Vlees ûnder tafersjoch pleatst hat. Friesland Beef slachtet yn opdracht fan Friesland Vlees. Onder normale omstannichheden wurde der by it bedriuw sa'n 800 kij wyks slachte.