Fûgelhelling jout edukaasje

By de Fûgelhelling yn Oerterp krije bern fan twa basisskoallen dizze wike les mei it tema 'Rôffûgels en ûlen'. Sa moasten bern fan De Swetten út Drachten tiisdei ûnder oaren mei in pinset in ûlebal útplúzje.
It inisjatyf komt fan de Fûgelhelling. Dy wol yn de takomst mear oan edukaasje dwaan. As it lesprogramma in sukses is, dan wurde ek oare skoallen yn Smellingerlân, Opsterlân en in part fan Grinslân oanskreaun.