Oare funksje Notariskoepel

De notariskoepel
De Notariskoepel yn de tún fan it gemeentehûs fan Opsterlân wurdt in toeristysk ynformaasjepunt. It markante túnhúske is al jierren net mear yn gebrûk. Op inisjatyf fan in Sweachster wurdt it húske no omfoarme ta in loket foar toeristen.
Frijwilligers fan de St. Toerisme Bevordering Beetsterzwaag sille dêr oan de slach. It ynformaasjepunt moat ein dit jier klear wêze. De kosten binne foar de gemeente en provinsje.