Jong H'fean gelyk tsjin ADO

© Omrop Fryslân
Jong Hearrenfean hat moandeitejûn út tsjin ADO Den Haag 0-0 gelyk spile.
Hearrenfean moast it ûnder oaren dwaan sûnder Paulo Henrique en der foar yn de plak hie it de beskikking oer trije A-junioaren. Yn de earste helte wie Hearrenfean wat better, mar ADO wie gefaarlik yn de counter. Yn de twadde helte wie Hearrenfean noch ticht by in doelpunt troch twa kear in bal op de binnenkant fan de peal. Hearrenfean bliuwt tredde op de ranglist.