Ferklearring tsjin slachterij

07 apr 2008 - 17:14

Kontroleurs fan de Algemene Inspectie Dienst soene by Slachterij Friesland Vlees yn Ljouwert geregeld tsjinwurke wêze. Dat stiet yn de ferklearring fan in anonime eks-AID meiwurker. De man hat koartlyn mei minister Verburg fan lânbou praat en dêrtroch binne der no ekstra kontrôles.

De AID'er hat syn ferklearring ûnder ede op papier sette litten by in notaris. Omrop Fryslân is yn it besit fan dy ferklearring.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)