Provinsje helpt swakke skoalle

Deputearre Schokker wol de tige swakke skoallen helpe
Oer twa jier moatte alle Fryske tige swakke basisskoallen op de list fan de Underwiisynspeksje wer goed ûnderwiis jaan. Dat stelt deputearre Tineke Schokker. De provinsje wol de kommende fjouwer jier 11,5 miljoen euro ekstra útlûke foar de swakke skoallen. |
Dat is mear as de 7,5 miljoen dy't earder mei de notysje Boppeslach jûn waard. Der binne 25 tige swakke skoallen yn Fryslân, in kwart fan alle swakke skoallen fan Nederlân.