Cambuur leit Beekmans fêst

07 apr 2008 - 11:03

Cambuur hat middenfjilder Paul Beekmans fan FC Den Bosch oanlutsen. Beekmans hat in kontrakt foar trije jier tekene by de Ljouwerters. Dêrmei hat Cambuur de slach om Beekmans wûn.

Der wie ek belangstelling foar him fan VVV en De Graafschap. Beekmans spile oant no ta 194 wedstriden foar FC Den Bosch, wêrfan 30 yn 'e earedivyzje. Hy makke yn dy wedstriden meiinoar 23 goals.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)