Earste goals Alves yn Ingelân

Afonso Alves (foto: Martin de Jong)
Ald-SC-Hearrenfeanspiler Afonso_Alves hat no dochs de earste goals foar syn nije club Middlesbrough makke. Yn 'e westriid tsjin Manchester United skeat de Braziliaan him der twa kear yn.
Alves stapte yn jannewaris oer nei de Ingelske club en spile al acht wedstriden yn 'e Premier League en de Ingelske beker. Dêryn hie er oant no ta noch net skoard. De goals wiene net genôch foar in oerwinning, want ek Manchester makke twa doelpunten.