Rjochtút yn skerpe bocht

06 apr 2008 - 13:54

In dronken automobilist út Strobos is sneintemoarn yn Drachtsterkompenije yn in skerpe bocht rjochtút riden de sleat yn. Oan 'e oare kant fan 'e sleat ramde er ek noch twa beamkes. De man rekke ferwûne oan 'e holle, mar koe wol sels út 'e auto komme.

Yn it sikehûs die bliken dat er te folle drank op hie. Hy wie ek net yn it besit fan in rydbewiis en syn auto wie net fersekere en APK-keurd. Foar alle saken krige er prosesferbaal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)