Skuondief komt net fier

06 apr 2008 - 13:20

In meiwurkster fan in skuonsaak oan 'e Dracht op It_Hearrenfean hat sneon in dief oanhâlden. De man rûn moarns om alve oere de saak út doe't it alarm ôfgie. Bliken die dat er de nije skuon oan hie en de âlde yn 'e doaze yn 'e winkel achterlitten.

De meiwurkster draafde der daliks achteroan. Mei twa omstanners wist se de man steande te hâlden en ûnder kontrôle te hâlden. De plysje hat de skuondief meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)