Verbeek: beslút falt snein

'Gertjan Verbeek nei Feyenoord' (foto Martin de Jong)
Gertjan_Verbeek is yn fiergeande ûnderhanneling mei Feyenoord. Dat er de nije trainer wurdt, sa't De Telegraaf snein meldt, is noch net wis. Dat sei Verbeek snein tsjin Omrop Fryslân.
Troch de publisiteit is de saak yn in streamfersnelling kaam. Verbeek hat sneintemiddei nei de wedstriid fan Feyenoord noch in petear. Dan soe ek de beslissing falle oft er wol of net de nije trainer fan Feyenoord wurdt.