ONS Snits wint fan ON Grins

© Omrop Fryslân
Sneonshaadklasser ONS Snits hat sneon op it eigen fjild mei 4-2 fan Oranje Nassau Grins wûn. Dêrmei pakten de Snitsers trije belangrike punten.
Foar it skoft skoarde Tony Alberda twa kear foar ONS. Jan van der Wal makke de 3-1. Yn de sportive wedstryd giene beide ploegen dúdlik foar de winst. Chalong de Bruin makke der lang om let 4-2 fan. It is de njoggende wedstryd op rige dat ONS net ferliest.