Les yn wylsterflappen

05 apr 2008 - 12:30

Jagers fan it eilân Malta binne dit wykein yn de lear by Fryske wylsterflappers. It jeien op alles wat fleant is de nasjonale manljussport op Malta, mar dat is nei 1 jannewaris 2009 troch it Europeeske regear yn Brussel ferbean.

Wylsters fange en dernei ringje soe in alternatyf wêze kinne foar de jagers. Om te sjen hoe't soks bart, mochten se mei op wylsterjacht. De fûgels wurde mei netten fongen en dêrnei ringe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)