Famke op fyts oanriden

05 apr 2008 - 12:16

In famke fan acht jier út Sondel is freed ferwûne rekke by in oanriding yn har wenplak. It slachtoffer fytste fan it hiem ôf de dyk op. Op dat stuit kaam der krekt in auto oan. De bestjoerster besocht noch it famke te ûntwiken, mar dat slagge net. It famke klapte op it foarrút fan de auto en foel dêrnei op strjitte.

Se hie ferwûnings oan it gesicht en waard nei de húsdokter brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)