Visser en Ernst remise op NK

© Omrop Fryslân
Ald-Snitser Yge Visser en Sipke Ernst fan Damwâld hawwe freed yn de tredde ronde fan it NK-skaken yn Hilversum remise spile.
Daan Brandenburg fan Drachten ferlear. Visser kaam út tsjin Jan Willem de Jong en Ernst moast tsjin Sergei Tiviakov. Brandenburg ferlear fan Erwin L'ami. Yge Visser stiet no op in dield 2e plak mei 2 punten. Sipke Ernst is 6e mei 1,5 punten en Daan Brandenburg is 10e mei in heal punt.