Ockels: Fryslân is ynnovatyf

© Omrop Fryslân
Fryslân rint foarop as it om duorsume enerzjy en ynnovaasje giet. Dat sei Wubbo Ockels freed op it Marne College yn Boalsert. Ockels is ambassadeur foar de sinneboatrace en ynspektearde ûnder oare de boat fan it Marne College. Ockels besocht fiif Fryske skoallen yn Fryslân om duorsumheid te promoatsjen.
Ockels priizget Fryslân omdat hjir selsstannich projekten opset wurde op it mêd fan duorsume enerzjy.