Bergsma by Hearrenfeanseleksje

Arjen Bergsma by de seleksje
Hearrenfeanspiler Arjen_Bergsma fan De_Knipe sit sneon foar de wedstriid tsjin Willem_II foar it earst op de bank by in wedstriid yn de earedivyzje. Troch de blessuere fan Henrico_Drost en de skorsing fan Gianni Zuiverloon hat trainer Verbeek in tekoart oan ferdigeners.
De Tsjech Michal_Svec sil spylje yn plak fan Zuiverloon. Calvin Jong-A-Pin begjint as linksback.