Provinsje snijt yn subsydzjes

04 apr 2008 - 11:34

Ferskate ynstellings yn Fryslân moatte it takom jier mei minder provinsjale subsydzje dwaan. Deputearre Steaten wolle maksimaal 5 persint besunigje op de bedragen dy't de ynstânsjes krije. Dat betsjut foar Partoer, it sintrum foar maatskiplike ûntwikking, dat der hast oardel ton minder binnen komt.

It Fryske Gea krijt 41.000 euro minder, foar de stichting Doarpswurk is de koarting 31.000 euro. De Stichting Beeldende Kunst Friesland moat it mei 44.000 euro minder dwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)