Te faak 112 belle: oanhâlden

04 apr 2008 - 10:58

De plysje hat tongersdeitenacht in frou (35) fan Frjentsjer oanhâlden, omdat se 15 kear it alaarmnûmer fan de plysje en ien kear 112 belle hie. Se woe melde dat har man har paspoart stellen hie.

De meldkeamer lei har út dat se dêr de oare deis foar nei it plysjeburo komme koe, mar de frou belle hieltyd wer. Nei it 16e telefoantsje waard de frou yn har wenning oanhâlden en meinommen nei it plysjeburo foar ferhoar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)