Task-force foar asylsikers

© Omrop Fryslân
De nije wurkgroep 'Wolkom yn Fryslân' sil soargje foar in hûs foar de asylsikers dy't ûnder it generaal pardon falle. Yn dy wurkgroep sitte minsken fan provinsje, gemeenten, COA en fan wenningboukorporaasjes.
Yn Fryslân wenje mear as tûzen minsken dy't falle ûnder it generaal pardon. Dy meie yn Nederlân bliuwe. Sy ha net allinnich in hûs nedich. Der moat ek soarge wurde foar wurk en in oplieding.