Plysje hâldt ynbrekkers oan

04 apr 2008 - 10:02

De plysje hat 9 minsken oanhâlden dy't fan heal jannewaris oant en mei begjin maart yn tsien huzen en ferskate skuorren yn 'e omkriten fan it Hearrenfean ynbrutsen ha soene. It giet om in groep fan sân manlju en twa froulju út It Hearrenfean.

Yn lytse groepkes fan trije stielen se foaral laptops, tillefoans, fytsen en jild. Yn de wennings fan 'e fertochten fûn de plysje njonken in part fan 'e bút ek twa nepfjoerwapens en drugs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)