Keatser Flip Soolsma ferstoarn

04 apr 2008 - 09:35

Mearfâldich PC-winner Flip Soolsma fan Akkrum is tongersdeitejûn yn 'e âldens fan 60 jier ferstoarn. Soolsma wûn de PC yn Frjentsjer foar it earst yn 1974 mei Gerrit de Jong en Jarich van der Veen. Ek yn 1979 en 1980 wist Soolsma de PC te winnen, doe mei Sake Saakstra en Piet-Jetze Faber.

Soolsma wie noch hieltyd in aktive keatser. Hy wie aktyf lid fan keatsferiening Us Keatsen yn Akkrum. Soolsma wie sportlearaar yn Drachten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)