Friesland Bank: heechste winst

04 apr 2008 - 08:42

De Friesland Bank hat ferline jier in nettowinst fan 121 miljoen euro makke. Dat is de heechste winst yn de skiednis fan de bank. Yn fergeliking mei it jier 2006 gie de winst mei 14 miljoen euro omheech.

De winst komt foar in grut part troch de groei fan it klantebestân. Der kamen yn 2007 goed 9000 partikuliere en 2000 saaklike klanten by. Dêrneist hat de Friesland Bank him as in echte klantebank profilearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)