Lintsje foar Schaaf út Burgum

© Omrop Fryslân
Henk Schaaf (67) út Burgum is tongersdei beneamd ta Ridder in de Orde van Oranje Nassau. Schaaf krige it lintsje fanwege syn ynset foar wettersportferiening Bergumermeer, dêr't er al sûn 1969 by belutsen is.
Schaaf is al hast fjirtich jier sekretaris fan de feriening. Ek wie er mei-ferantwurdlik foar de bou fan nije skiphúzen en it behear fan de jachthaven yn Burgum. Hy krige it lintsje by de ledegearkomste.