MCL krijt mooglik mear jild

03 apr 2008 - 20:45

In spesjale kommisje besjocht oft it jild foar de sikehûzen yn Nederlân wol goed ferdield is. Minister Klink sei dat by syn besite oan MCL Harns. Dêr gienen de operaasjekeamers ticht fanwege jildkrapte.

Mooglik komt de kommisje ta de konklúzje dat it MCL mear jild ha moat. De direksje fan it MCL hat al oankundige dat dat jild net automatysk brûkt wurdt foar it weriepenjen fan de operaasjekeamers yn Harns.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)