18 jier sel foar moard Ooms
De 22-jierrige haadfertochte fan de moard op Marinus_Ooms moat 18 jier de sel yn. Dat bepaalde de rjochtbank tongersdei. Tsjin de man wie 20 jier en tbs easke. Twa oare fertochten krije 15 jier en tbs en 10 jier sel.
Marinus_Ooms waard oardel jier ferlyn yn syn hûs yn Haulerwyk om it libben brocht. De haadfertochte is in âld- doarpsgenoat fan him. Hy ûntkent ferantwurdlik te wêzen en giet nei alle gedachten yn heger berop.