Kontrôle by sauna De Welle

Minsken dy't de sauna by it Drachtster swimbad De_Welle besykje, wurde tenei ekstra yn de gaten holden. Dy maatregel is nommen nei oanlieding fan gewelds- en seksynsidenten. Sa is der in frou mishannele en waarden saunagongers seksueel yntimidearre.
Personiel fan De_Welle hat al ferskate kearen yngripe moatten. Elkenien dy't no de sauna yn wol, moat syn namme en adres opjaan. Oars komme se de sauna net yn.