Tsjûgen socht ûngelok Dokkum

03 apr 2008 - 11:07

De plysje siket tsjûgen fan in ûngelok yn Dokkum, wêrby't woansdei in jonge fan 13 jier ferwûne rekke en de feroarsaker trochriden is.

De jonge fytste oer it fytspaad njonken de Rûnwei-West en waard rekke troch in nochal slingerjende brommerrider. Se foelen beide. De bromfytser hat noch wol eefkes mei de jonge praat, mar is doe útnaaid. De plysje freget minsken dy't wat sjoen ha oft se har melde wolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)