Requiem Peazens giet troch

03 apr 2008 - 10:41

It rekwiem oer de fiskersramp by Peazens-Moddergat giet definityf troch. De organisaasje hat garânsje dat der genôch jild foar komt en dat it mei de fergunnings klear komt.

Doel is dat it stik op 12, 13 en 14 juny opfierd wurdt achter de seedyk by Peazens-Moddergat. Under oare sopraan Miranda_van_Kralingen wurket oan de foarstellings mei. It is dit jier 125 jier ferlyn dat der 83 fiskers út it doarp omkamen by in skipsramp.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)