Man yn Ljouwert delstutsen

© Omrop Fryslân
In man (33) út Minnertsgea is ôfrûne nacht yn Ljouwert delstutsen troch twa manlju. It slachtoffer waard ferwûne fûn yn in portyk oan de Stasjonswei. Hy wie stutsen yn de boppe-skonk.
De man sei dat er koart dêrfoar yn de Prins Hendrikstrjitte oerfallen wie troch twa manlju. Dy woene syn beurs ha. Doe't it slachtoffer dy net jaan woe, waard er mei in mes stutsen. Dêrnei naaiden de dieders út, nei't se noch syn beurs meinaam hiene.