Grut gemaal by Lauwerseach

De wetterskippen yn Fryslân en Grinslân kieze definityf foar in nij, grut gemaal by Lauwerseach. Dat kostet 140 miljoen euro. It beslút betsjut dat in nij gemaal by Fiifhuzen lytser wurde kin. Fierder komt der gjin tydlik gemaal by Harns.
Kaden hoege minder heech te wurden. Op koarte termyn smyt dat in foardiel op fan 75 miljoen euro. Oant en mei it jier 2100 makket it finansjeel net in soad út.