De Jouwer út bekertoernoai

© Omrop Fryslân
Sportclub_Joure is útskeakele foar it Noardlik bekertoernoai. De Jousters ferlearen woansdei fan sneinshaadklasser WKE. Mei de Jouwer is de lêste Fryske club út it bekertoernoai ferdwûn.
Strafskoppen moasten de beslissing bringe yn de wedstriid tusken Sportclub_Joure en WKE. Jouster Peter_van_der-Slot miste de sechsde penalty, wylst WKE dy der wol yn skeat.