Gemeente warskôget foar asbest

02 apr 2008 - 22:24

Skarsterlân waskôget de eigners fan goed 160 gebouwen mei asbest foar de grutte finansjele risiko's dy't se rinne. As der bygelyks brân útbrekt en it asbest komt frij, dan moat de eigner sels it opromjen betelje. Dat kin inkelde tûzenen euro's kostje en de measte eigners binne dêr net foar fersekere.

It tal gebouwen mei asbest deryn is nei foaren kaam út in ûndersyk dat de gemeente hâlden hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)